Stipe garnalefiskers út bûtenlân

© Omrop Fryslân
Garnalefiskers út Nederlân, Dútslân en Denemarken hawwe in belangeferieniging oprjochte. Dy moat de posysje fan de fiskers fersterkje. De fiskers fan Lauwerseach hawwe rûzje mei de Nederlandse Mededingingsautoriteit.
Ferline jier krigen de fiskers in boete fan 13,8 miljoen euro om't se neffens de NMa yllegale priisôfspraken makke hienen. De nije feriening moat no tsjin de NMa stride om de boete fan tafel te krijen.