VVV's marregebiet wurkje gear

© Omrop Fryslân
De leden fan de VVV-organisaasjes yn it Fryske marregebiet binne bliid mei de gearwurking dy't it regiobestjoer foarstelt. Oant no ta moasten leden lykas rekreaasjebedriuwen kontribúsje betelje oan elk VVV-kantoar. Ek hie elke VVV syn eigen promoasjebelied.
Der komt no ien ynternetside en ien brosjuere foar it hiele gebiet. Ek wurd de kontribúsje fan de pleatslike VVV's gelyklutsen. De VVV's fusearje net, mar wurde in federaasje.