Nije direkteur Smilde-bakkerij

© Omrop Fryslân
Keninklike Smilde hat in nije direkteur beneamd foar de ôfdieling Bakkerij. It giet om de 40-jierrige Van Douveren. Hy wurket no noch by Royal Numico yn Zoetermeer. Hy begjint 1 oktober by Smilde.
It bedriuw hat in haadfestiging op It Hearrenfean. De bakkerij-ôfdieling hat festigingen yn Nederlân en Frankryk. Se meitsje daai-produkten foar ûnder oare bakkerijen en grutwinkelbedriuwen.