Lilk oer parkearbelied Ljouwert

29 sep 2004 - 10:56

Ljouwert ûndernimmers binne lilk omdat de gemeente noch mear parkearplakken opheft. Parkeargaraazje De Klanderij krijt der in ekstra laach by en der komt in nije parkearkelder by de Aldehou. Sadwaande kinne der wol wat losse plakken yn it sintrum ferdwine.

De opheffing is foar guon ûndernimmers de drippel, want parkearen yn 'e binnenstêd is in wier drama wurden, sa sizze se. De ûndernimmers komme mooglik yn 'e takomst mei aksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)