Diere-sikeauto Tytsjerksteradiel

© Omrop Fryslân
De diere-ambulânse sil tenei ek ride yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Dêrfoar hat de gemeente in kontrakt sletten mei de stifting Dierenambulance Fryslân. De ambulânse rydt al yn ferskate oare gemeentes yn Fryslân.
De diere-ambulânse wurdt ynset foar it jaan fan earste help oan ferwûne en sike bisten. Dêrneist ek foar it opheljen fan deade bisten en it registrearjen fan fermiste en fûne bisten.