Temapark oer duorsumens

28 sep 2004 - 17:01

By Lauwerseach komt mooglik in sintrum foar duorsumens. Dat moat in soart temapark wurde dêr't útlis jûn wurdt oer alles dat mei duorsume enerzjy te krijen hat. It is ornearre foar dei- toeristen. It sintrum moat ek in diskusjeplatfoarm biede foar ûndersyk.

De ambisjeuze plannen foar sa'n sintrum waarden twa jier lyn bekroand mei de Nasjonale Takomstpriis. Nei de helberheid is ûndersyk dien en it resultaat dêrfan wie posityf.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)