Nachtfleanen oanpast

© Omrop Fryslân
De fleanbasis Ljouwert past it nachtfleanen oan nei klachten fan omwenners. Der wurdt net minder flein, mar wol op oare tiden. Nachtfleanen fynt inkeld by 't winter plak, wat delkomt op jûns fleanen.
Tenei wurdt yn guon wintermoannen net mear twa kear, mar fjouwer kear flein. Dêrfoaroer stiet dat net starten wurdt nei acht oere jûns. Fierders ferhúzje in grut tal nachtfluchten nei de fleanbasis Twente.