Fersetsmuseum ta oan fernijing

© Omrop Fryslân
It fersetsmuseum Fryslân yn Ljouwert moat in modernere opset krije wol it ek yn 'e takomst besikers lûke. Dat wie de útkomst fan in diskusjemiddei moandei nei oanlieding fan it 25-jierrich bestean fan it museum, dat ûnderdiel is fan it Frysk Museum.
Der wurdt begelyks tocht oan in 'experience' nei Amerikaans foarbyld. Yn sa'n minsken kinne minsken mei help fan moderne techniken oarloch en ferset op oare wize meimeitsje.