Utstel sollisitaasjeplicht frege

© Omrop Fryslân
De sollisitaasjeplicht moat útsteld wurde foar minsken dy't yn de bijstân sitte en dy't mantelsoarch biede oan famyljeleden. Dat fynt it CDA Ljouwert.
De nije Werk & Bijstand giet út fan in sollisitaasje- en wurkplicht. It CDA wol dat dy plicht mei in jier útsteld wurdt foar minsken dy't yntinsyf soarch biede oan famyljeleden. Wol soe de soarchsituaasje goed kontrolearre wurde moatte.