Kealslach kastanjes driget

28 sep 2004 - 10:56

Tachtich persint fan de kastanjebeammen yn de provinsje is siik. Dat is folle mear as earst tocht waard. De beammen ha de ûnbekende kastanjebloedersykte, dêr't se úteinlik dea oan gean.

Neffens saakkundige Zeinstra út Friens is der op dit stuit neat oan de sykte te dwaan. Der binne meunsters foar ûndersyk opstjoerd nei Kanada, mar ek dêr is de sykte net bekend. De ferwachting is dat kommende maaitiid in soad beammen it ôflizze sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)