Beskoeiïng oan ferfanging ta
Yn de gemeente Tytsjerksteradiel is sawat sechtich prosint fan de wâlbeskoeiing oan ferfanging ta. It kolleezje wol dêr 1,4 miljoen euro foar útlûke. Yn totaal giet om sa'n 3,5 kilometer beskoeiïng fan sleatten en marren dy't der net mear goed by leit.
It wurk moat de kommende tsjien jier útfierd wurde. De gemeenterie moat noch akkoart gean mei de plannen fan it kolleezje.
Trefwurden:
argyf