De Jouwer - Hoogeveen: 1-2

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser De Jouwer hat sneintemiddei mei 1-2 ferlern fan Hoogeveen. Yn de tsiende minút sette Paul de Vries De Jouwer noch op foarsprong. Hy soe in foarset jaan, mar makke dêrmei in doelpunt.
Yn de 33 minút makke Dennis Blokzijl fan Hoogeveen de lykmakker. Twa minuten letter makke Edwin Sabander de 1-2. De Jouwer krige yn dizze wedstriid net folle kânsen. Johan Abma krige noch wol in kâns. Hy wist lykwols net te skoaren.