Oerol-produksjes yn nij teater

27 sep 2004 - 12:03

De organisaasje fan it Oerolfestival is ree ek teaterproduksjes te fersoargjen yn in nij te bouwen teater op de Dellewal yn West-Skylge. Dat befestiget wethâlder Wiebe de Haan fan Skylge. Dêrmei beheine de aktiviteiten fan Oerol har net mear allinnich ta de bekende festivaldagen.

De gemeente hat al langer plannen foar in teater, biblioteek en natuersintrum op de Dellewal. Der wurdt no útgien fan in teater foar 450 minsken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)