Faaks noch in sûnensbûlevaar

27 sep 2004 - 11:45

As de nije sûnensbûlevaar fan soarchfersekerder De Friesland op It Hearrenfean in sukses wurdt, komt der mooglik noch sa'n bûlevaar by yn Fryslân. Dat seit direkteur soarch Ko Oudmaijer fan De Friesland.

De sûnensbûlevaar is no in ûnderdiel fan Sportstêd Hearrenfean. Der sit in grut tal soarchbedriuwen en soarchynstellings by inoar. Bedoeling is dat se inoar oanfolje en dat klanten sa better holpen wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)