Sutelaksje bringt earste ton op

© Omrop Fryslân
De sutelaksje fan stifting It Fryske Boek fan dit jier hat syn earste ton opbrocht. It bedrach waard sneon helle by sutelaksjes yn Sumar en Starum. Fanwege de mylpeal krigen de skoallen yn dizze plakken in boekebon. Foar de sutelders wie der in presintsje.
De boeken fan Riek Landman, Tiny Mulder en Auck Peanstra rinne goed. Ek de cd's fan de fjouwer Fryske trûbadoers, Nynke Laverman en fan Nanne Kalma en Ankie v.d. Meer wurde goed ferkocht.