Snitser oppakt foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje fan Snits krige sneintemoarn betiid in melding fan twa manlju dy't op de Singel yn Snits rúzje mei inoar hiene. De plysje hat ferfolgens in 23- jierrige fertochte út Snits oanhâlden foar mishanneling en bedriging.
De 23-jierrige hie in 21-jierrige oanjouwer út Snits bedrige mei in houten stok en besocht him mei de stok te slaan. Dat wie mislearre om't de oanjouwer fuortrûn wie. De oanlieding leit yn de relasjonele sfear.