Fyts-junioaren 5e op NK Dronten
De hurdfyts-junioaren fan de Ljouwerter wielerferiening De Friese Leeuw binne sneon fyfde wurden op it NK yn Dronten. It wie in ploegetiidrit en se setten in tiid del fan 46.03. Se wiene 14 sekonden ferwidere fan de nûmer trije en dus fan it poadium.
Yn de ploech fytsten fjouwer Friezen: Rudmer Faber fan Easterwierrum, Rienk Nauta fan Top-en-Twel, Jelle Kooistra fan Wergea en Jildert Boersma fan Easterwierrum.