PSV - SC Hearrenfean: 4-0

26 sep 2004 - 16:42

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn Eindhoven mei 4-0 ferlern fan PSV. Dêr like it yn de earste helte net op, want doe wie koprinner PSV de mindere ploech. Krekt foar it skoft krige Hearrenfean-ferdigener Thomas Rzasa syn twadde giele kaart.

De Fryske ploech koe dus de hiele twadde helte mei tsien man spylje. Troch doelpunten fan Lucius, Farfan en Vennegoor of Hesselink (twa) waard it foar de Feansters in wrede útslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)