ONS te sterk foar Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
De Fryske derby yn de sneonshaadklasse tusken ONS en Harkemase Boys waard sneontejûn oertsjûgjend wûn troch de Snitsers. By rêst wie it 0-2. De einstân kaam op 0-3.
Yn de earste helte hie gjin fan beide ploegen it oerwicht yn it fjild, mar ONS wie gefaarliker. Rudy Mann makke foar Snits de 0-1 en 0-2. De ploech fan De Harkema waard net gefaarlik. Sander van der Heide makke krekt foar tiid de 0-3 foar ONS.