Wer takomst foar iishal

© Omrop Fryslân
Der is wer takomst foar de iishal yn Ljouwert. Sa die hjoed bliken by de start fan it nije seizoen en de fiering fan it 25-jierrich jubileum. In enthousiast nij bestjoer wol it Ljouwerter bedriuwslibben wer waarm meitsje foar de iishal. Dat moat ek want der sitte al wer flinke kosten oan te kommen. In nije kuolmasjine fan 5 ton.
In pear jier lyn giene in soad klubs fuort om de kontribúsje omheech gie.