Doarpshûs Offenwier wer as nij

© Omrop Fryslân
It doarp Offenwier hat freed it fernijde en ferboude doarpshûs iepene. Der is foar sawat in heale euroton yn ferspikere. It jild is stutsen yn in oanbou, yn de ferbettering fan minne plakken yn it dak en yn it modernisearjen fan it lytse doarpshûs.
Fierders hat it doarp ek in eigen doarpswapen en in eigen doarpsflagge. De ynwenners fiere boppedat dat se tweintich jier ûnder de gemeente Snits falle.