Drachtster Boys winne mei 3-1

26 sep 2004 - 12:46

Yn it earsteklasse-fuotbal hawwe de Drachtster Boys sneon de Flevo Boys ferslein mei 3-1. De Flevo Boys knokten wol, mar de Drachtster Boys skoarden no ien kear makliker.

Yn de sande minút fan de earste helte makke Richard van der Wal de 1-0. De Flevo Boys besochten werom te kommen, mar dat slagge net. Yn de twadde helte makke Geart de Jong de 2-0, mar dêrnei stie it al gau 2-1. Letter skoarden de Drachtster Boys noch in goal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)