Ald-papierbak foar thús

25 sep 2004 - 15:22

Ynwenners fan de gemeente It Hearrenfean krije ynkoarten in papierbak foar yn 'e hûs. Dat is it gefolch fan in súksesfolle proef yn de wyk De Greiden. Basisskoallebern hawwe by alle huzen in âldpapierbak ôflevere en se soargje ek foar it opheljen fan it papier.

De skoalle mei de opbringst hâlde en krije boppedat noch in subsydzje fan de gemeente. Dizze wurkwize wurdt no oeral yn de gemeente ynfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)