Remise Poepjes op EK dammen

© Omrop Fryslân
De Fryske damster Iepie Poepjes spile freed op it EK Dammen foar froulju remise tsjin Valnere út Letlân. De partij duorre seis oeren. Yn it algemien klassemint stiet Poepjes no trettjinde mei seis punten út seis wedstriden. Se is dêrmei nei koprinster Tanja Chub de twadde Nederlânske damster op it EK.
Chub spile remise tsjin Tansykkhoezina en ferlear oant no ta noch net ien partij.