De Wâldsang seit topkonkoers ôf

25 sep 2004 - 11:52

Brassband De Wâldsang fan Bûtenpost hat ôfsein foar it topkonkoers 'All England Masters' yn 2005. Dat om't inkelde kristlike bandleden net op snein spylje wolle. De Wâldsang is Nederlânsk kampioen en soe op snein 29 maaie mei 30 bandleden oantrede yn Cambridge.

It konkoers wurdt ek wol 'it Wimbledon fan de brassmuzyk' neamd. Inkelde frijmakke gereformearden fine lykwols dat it spyljen op snein botst mei har leauwen. De rest fan de band is solidêr.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)