Reboelje oer artikel Sijpersma

25 sep 2004 - 11:43

In artikel fan haadredakteur Pieter Sijpersma fan it Dagblad van het Noorden yn 'e krante fan ôfrûne woansdei is min fallen op de redaksje fan dy krante. Sijpersma skreau yn in artikel dat it noarden 'ruim, schoon, veilig, mooi en wit' is en dat hy dat graach sa hâlde wol.

Guon redakteuren ha muoite mei it mooglik rasistyske karakter fan dy tekst. Sijpersma hâldt it op in flater en seit dat er it net sa bedoeld hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)