Nij systeem fan 'play-offs'
De fuotbalkompetysje yn Nederlân moat oantrekliker wurde. Dêrom is der nei oerlis tusken KNVB en klubs besletten om nei de reguliere kompetysje de prizen fia 'play-offs' te ferdielen.
Dit soe takom seizoen yngean moatte. De lânskampioen pleatst him noch automatysk foar de Champions League en de bekerwinner docht noch mei oan de UEFA-cup. Oare ploegen moatte har foar Europeesk fuotbal pleatse fia in lytse, ekstra kompetysje.
Trefwurden:
argyf