Hûndert fûgels krije nije namme

24 sep 2004 - 17:05

Sa'n hûndert fûgels krije freed in nije namme. It giet om fûgels dy't noch gjin Fryske namme hiene. En guon fûgels krije in oare Fryske namme. Huningfalk (wespendief yn it Nederlânsk) wurdt bygelyks wapseglee. De nammen steane yn 'e nije list fan Fryske fûgelnammen, dy't freed presintearre wurdt.

De list mei 500 nammen is makke troch it Biologysk Wurkferbân fan 'e Fryske Akademy yn oerlis mei it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)