Ramkreak by bedriuw yn Wolvegea

24 sep 2004 - 15:35

By in ramkreak by karrosserybedriuw Heiwo BV yn Wolvegea binne yn de nacht nei freed 29 djoere frachtweinbannen stellen. De totale skea wurdt rûsd op 14.000 euro. Mei in frachtwein binne de dieders troch it sket oan de yngong fan it gebou riden.

Op it terrein is in houtkontener leechhelle en op de frachtwein set. Dêrnei binne de djoere bannen yn de kontener set. De plysje hat gjin spoar fan de dieders en is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)