Merkkeaplju wolle referindum

© Omrop Fryslân
Ljouwerter merkkeaplju wolle mei in referindum besykje de yngripende plannen foar it Saailân fan tafel te krijen. De gemeente wol it plein foar 118 miljoen euro opknappe mei winkels, wenten en it nije Frysk Museum.
De keaplju binne benaud dat der dalik minder rûmte op it plein oerbliuwt foar de freedsmerk. It inisjatyf foar in referindum komt fan grientekeapman Boonstra. Boonstra besiket 5000 hantekens fan meistanners te sammeljen.