Boek oer skiednis fan Dokkum

24 sep 2004 - 11:00

De hiele skiednis fan de stêd Dokkum en omjouwing is fêstlein yn ien boek. Tongersdeitemiddei krige boargemaster Cazemier fan Dongeradiel it earste eksimplaar oanbean.

It boek 'Geschiedenis van Dokkum, hart van noordelijk Oostergo' is skreaun troch Meindert Schroor en útjûn troch de stifting Historia Doccumensis en de Fryske Akademy. By foaryntekening binne al 800 boeken fan de earste printinge fan 1500 eksimplaren ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)