Aksjes yn Ljouwert tsjin regear

24 sep 2004 - 10:03

Doekle Terpstra fan it fakbûn CNV hat gjin goed wurd oer foar de Twadde- Keamerleden. Terpstra spruts tongersdei by de Postbank yn Ljouwert aksje- fierders ta. De parlemintariërs hiene de lûden út de mienskip oer de foar- nommen kabinetsbesunigings folle earder serieus nimme moatten, sa fûn er.

Terpstra spruts tusken de middei in 300 meiwurkers fan kantoarynstellings út de Tesselschadestrjitte ta. Ek Henk van der Kolk fan de FNV hold in taspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)