Pieter Weening 74ste yn berchrit

© Omrop Fryslân
Pieter Weening fan De Harkema is yn de 17de etappe fan de Ronde fan Spanje 74ste wurden. Yn dizze drege berchrit oer 170 kilometer kaam er yn in groep fan 20 man hast 26 minuten letter as de Kolombiaanske winner Felix Cardenas oer de einstreek.
Yn it klassemint hâldt de Spanjaard Roberto Heras de lieding. Weening stiet no op it 71ste plak. Hy is krekt ek selektearre foar it wrâldkampioenskip op 3 oktober yn Italië.