Snits stekt jild yn hûnestront

23 sep 2004 - 16:55

B en W fan Snits wolle 110 tûzen euro frijmeitsje om de hûnestront op strjitte te beheinen. Fan it jild moatte hûnestrontbakken oanskaft wurde wêryn't de eigners fan de hûnen de stront dwaan moatte.

Sy moatte tenei altyd in skepke by har ha om de stront op te rêden. Fan de 110 tûzen euro moatte ek gebieten ynrjochte wurde dêr't hûnen los rinne meie. Bûten dy gebieten moat de hûn altyd oan de line rinne. Der sil tafersjoch wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)