'Veilig Wonen' op 'e Lemmer

© Omrop Fryslân
Boargemaster Bosma fan Lemsterlân hat woansdei it konvenant ûndertekene foar it ynfieren fan it plysjekarmerk Veilig Wonen yn de gemeente. Dat hâldt yn dat alle nijbou en grutskalige renovaasje yn Lemsterlân besjoen wurdt op saken as hing- en slútwurk en ferljochting.
Lemsterlân is de sechsde gemeente yn Fryslân dy't it konvenant Veilig Wonen ûndertekene hat. In part fan de wyk Lemster Vaart is woansdei al sertifisearre mei 'Veilige Wijk'.