Weening docht mei oan WK

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Pieter Weening is selektearre foar de wrâldkampioenskippen op de dyk. Bûnscoach Gerrie Kneteman hat dat woansdei bekendmakke.
Weening komt fan De Harkema en is earstejiers prof by de Rabobankploech. It is dus de earste kear dat er as prof oan in WK meidocht. It wrâldkampioenskip wurdt op 3 oktober hâlden yn de Italiaanske stêd Verona.