Sakebeurs yn Drachten

© Omrop Fryslân
Boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân hat woansdei yn Drachten de earste sakebeurs fan East-Fryslân iepene. De belangstelling foar de beurs is grut. Sa'n 100 ûndernimmers út de regio ha der in stand om kontakten te lizzen mei klanten en oare bedriuwen.
Smellingerlân is populêr by bedriuwen. Ferline jier festigen har dêr 400 nije bedriuwen. Dy kinne har op de beurs foar it earst sjen litte. De beurs is ek tongersdei noch op terrein De Haven.