Trije tips 'cold-case' Ferwert

22 sep 2004 - 15:02

Simone de Laat út Ferwert is yn desimber 1989 yn opdracht fan tredden fermoarde. Dat waard woansdei bekend makke yn it Omrop Fryslân tv-programma Plysjepost. It saneamde 'cold-cases- team' fan de plysje docht op it stuit ûndersyk nei de moardsaak út 1989.

De doe 30-jierrige Simone de Laat waard dea yn har wenning fûn. De saak is nea oplost. Al it ûndersyksmateriaal fan doe wurdt opnij besjoen. Nei Plysjepost binne trije nije tips binnenkaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)