'Inoar helpe by iepenhâlden bad'

© Omrop Fryslân
Gemeenten moatte inoar helpe by it iepen hâlden fan in swimbad yn de omjouwing. Dat fynt de PvdA yn de gemeente Boarnsterhim. No is it meastentiids sa dat ien gemeente de eksploitaasje fan in swimbad net rûn krije kin om't der te min ynwenners yn de gemeente binne.
Ek plannen foar in nij oerdekt swimbad fan 25 meter yn Grou kinne fanwege de kosten yn de iiskast. Mei jild fan omlizzende gemeenten kin it bad wol út.