Frachtskip nei Eemshaven sleept
It frachtskip Fagervik dat tiisdeitemoarn oer de side hong, is tiisdeitejûn nei Eemshaven sleept. Dêrfoar binne twa sleepboaten ynset. De rêdingsboat Koning Willem I fan Skiermûntseach is tiisdeitejûn ôflost troch de Dútse rêdingsboat Alfred Krupp fan Borkum.
It frachtskip makke slachside nei't in deklading hout begûn te skowen. Mei de SAR-helikopter binne de sân bemanningsleden fan board helle.
Trefwurden:
argyf