Kopy Gutenberg-bibel te sjen

© Omrop Fryslân
In kopy fan it âldste boek fan de wrâld, de Gutenberg-bibel, is kommende moandei te sjen yn Frjentsjer. Der wurdt dan in teologedei hâlden. De kopy is yn in oplage fan 190 stiks makke yn Poalen en hat in wearde fan 20.000 euro.
Foar it orizjineel waard tweintich jier lyn mear as 5 miljoen euro betelle. Dat orizjineel waard tusken 1452 en 1455 drukt troch Johann Gutenberg yn in oplage fan 180 stiks. Dêr binne noch 46 eksimplaren fan oer.