Weening einiget yn peleton

22 sep 2004 - 09:46

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is tiisdei yn 'e 16de etappe fan de Vuelta einige yn it grutte peleton. De groep hie wol hast tolve minuten efterstân op de winner fan 'e etappe, de Spanjaard Cayetano Julia.

Alle favoriten foar de einoerwinning sieten by Weening yn 'e buert. Yn it algemien klassemint stiet de Fryske Rabobank-koureur op it 69ste plak mei in efterstân fan 1.16'34" op lieder Roberto Heras út Spanje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)