Oardel ton ekstra foar Oerol

22 sep 2004 - 09:25

It Oerolfestival op Skylge liket rêden. It festival krijt takommend jier 150.000 euro stipe der by. Dat stiet te lêzen yn 'e kultuernota, dy't tiisdei presintearre waard. Direkteur Joop Mulder fan Oerol drige yn juny noch mei opstappen as der gjin jild by kaam.

It Noord Nederlands Orkest en Opera Spangea behâlde harren ryksbydrage. Fotomanifestaasje Noorderlicht, dy't op't heden yn Ljouwert hâlden wurdt, krijt yn 2005 50.000 euro ekstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)