Hearrenfean net nei Israël

22 sep 2004 - 08:48

De seleksje fan SC Hearrenfean is op wei nei Israël foar it UEFA-cupduel mei Maccabi Petach Tikva stykjen bleaun op Skiphol. In staking yn Israël hat it fleanferkear nei Tel Aviv lamlein.

De Europeeske fuotbaluny UEFA hat noch besocht de staking te brekken, mar dat is mislearre. Earst like it der noch op dat foar it fleantúch fan It Fean in útsûndering makke wurde soe. Wat mei it duel, dat woansdei spile wurde soe, barre sil, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)