Sân opfarrenden fan board helle

© Omrop Fryslân
Sân opfarrenden fan it frachtskip de Fagervik binne tiisdei mei in SAR- helikopter fan board helle nei't it skip boppe It Amelân oer de side hong. Dat kaam om't de lading begûn te skowen.
De Fagervik wie ûnderweis fan it Sweedske Kalmar nei Shoreham yn Ingelân. De seelju binne opfongen op Skiermûntseach. Rêdingsboaten fan Skier en It Amelân binne by it frachtskip. In sleepboat moat it skip fuorthelje.