Kompinsaasje foar kokkelfabryk

© Omrop Fryslân
It ryk sil it kokkelfabryk yn Harns kompinsaasje jaan foar it ferdwinen fan 'e kokkelfiskerij. Minister Veerman fan fiskerij die moandei dy tasizzing yn 'e Twadde Keamer. De CDA-fraksje frege de minister om dy kompinsaasje.
Twadde Keamerlid Jacques Tichelaar fan 'e PvdA frege de minister om ferfangende wurkgelegenheid. Mei in finansjele fergoeding oan de bedriuwen binne de wurknimmers net holpen, sa sei it Fryske Keamerlid Tichelaar.