Pensioenkas Enna misbrûkt

20 sep 2004 - 16:59
Foto: Omrop Fryslân

Spuitbussefabryk Enna Aerosols út Dokkum hat in reorganisaasje betelle mei pensioenjild foar de eigen wurknimmers. Dat hat de direksje moandei tajûn by in koart pleit, oanspand troch FNV en CNV.

It jild soe by it ferhúzjen fan de administraasje per ûngelok op in rekkening fan Enna kommen wêze en is doe brûkt om ûntslaggen yn 2003 te finansieren. De bûnen wolle dat it jild weromjûn wurdt.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)