Plûm foar Antonius sikehûs

20 sep 2004 - 15:36

Alderen mei in brutsen heup wurde yn it Antonius sikehûs yn Snits altiten binnen 24 oeren opereard. Dat blykt út ûndersyk fan it Algemeen Dagblad. Der binne yn hiel Nederlân mar trije sikehuzen dy't bejaarden dy't in heup brekke, sa gau helpe.

Neffens direkteur Schuurman fan it Antonius sikehûs fermindert rap opereare de kâns op komplikaasjes. Dat is wichtich omt âldere pasjinten faak al oare kwalen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)