Provinsje wol mear guozzegebiet

20 sep 2004 - 15:21
Foto: Omrop Fryslân

De provinsje wol tritichtûzen bunder der by as gebiet dêr't guozzen en smjunten oerwinterje meie. Dêr moat sa min mooglik ûnrêst wêze en moat genôch iten foar de bisten wêze.

Op dit stuit is tsientûzen bunder reservearre as guozzegebiet. Om dat omheech te krijen nei tritichtûzen, wurdt boeren frege in part fan har lân beskikber te stellen. Dielname fan de boeren is frijwillich, se krije dêrfoar in finânsjele fergoeding.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)