Ljouwerter mishannele

© Omrop Fryslân
In 18-jierrige man út Ljouwert is sneintejûn mishannele en bedrige troch twa manlju. De man rûn mei syn freondin oer de Nijstêd, doe't de twa fertochten it famke begongen út te skellen.
Doe't de Ljouwerter der wat fan sei, sloegen de manlju him tsjin de holle. It stel draafde dêrop fuort, mar de manlju setten de efterfolging yn en lutsen in mes. De plysje koe de twa letter oanhâlde.